Categorie archief: activiteiten

29 maart KLÚN EN KNOFFELHAKKE

Een herkansing voor KLÚN EN KNOFFELHAKKE. Vorig jaar kon de voorstelling helaas niet doorgaan maar dit wordt goedgemaakt! En wel op 29 maart om 14.00 uur.

Jo kinne dat wol. In buert fol gesellige minsken. Oh sa meiinoar… Buertjûnen, barbeques, doarpsfeesten en gean sa mar troch. Wat kin it noflik wenjen wêze op sa’n buert. Mar is it altiten wol sa gesellich? Klaas en Jehannes libje njonken elkoar. As is it achterelkoar? Bytiden witte se it sels net iens, want harren libben bestiet út it tsjin elkoar harsenskrabjen oer fan alles en noch wat. As der dan ek noch in nuveraardich persoan delstrykt yn harren buertsje, dan is it feest hielendal kompleet… no ja, feest? Hé Buorman! is alwer de sânde sjo fan it Hantumer teaterduo. Al sa’n 20 jier witte se oeral dêr’t se komme de fleur deryn te hâlden. Ek mei dit nije programma sil dat fêst wer slagje, want dat is it duo harren doel: de minsken in noflike jûn besoargje. Lekker laitsje… It bysûndere oan dizze sjo is dat op ien nûmer nei, alle muzyk fan de ferskes spesjaal foar Klún & Knoffelhakke komponearre is. Remko Rijpkema fan EDS music út Alkmaar, dy’t al jierren de muzyk fan it duo fersoarget, doarde it oan en hy hat eigen nûmers foar it duo komponearre. Wy binne dan ek tige grutsk op it resultaat!